De Sweedske sekretaresse

It stik spilet him ôf op it kantoar fan de STichting Nij Posityf, dy' t ta doel hat de literatuer suver te hâlden en de seks ut de boeken banne wol. It ferhaal draait om 'e wat wrâldske, skieden mem fan in net al te fêst yn 'e skuon steande meiwurker fan de Stichting. Hy hat ûnwiis yn de boeken knoeit en ropt op in ûnberet stuit de help yn fan syn mem. No dat sil 'er witte! Sij kriget de kâns om har ut te jaan foar in oar en sa de Stichting yn te kringen. Mei de bêste (?) bedoelingen soarget se oan ien wei foar de grutste reboelje yn de Stichting mar se wit har der ek hieltyd wer ut te rêden. It is in satire op seks, boekhâlders dy't der mei de kas utnaaie en noch mear saken dy't it minskdom hjoed-de-dei bezich hâldt mar it hat noch wol safolle deugden dat it boppe de gewoane klucht utpiket. De feardige pinne fan Annie M.G. Schmidt wie dat ek wol tabetroud.
Skriuwer(s): SCHMIDT, Annie M.G.
Titel: De Sweedske sekretaresse
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Tasma, Gerrit
Oarspr. Titel: En ik dan........?
Ynfierdatum: 2001-05-11
Dekor: wurkkeamer fan kantoar
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij De Toneelcentrale. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by De Toneelcentrale keapje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 2