De swipe der oer

Frou Bokma is liedster fan in rêsthûs. It is net samar in tehûs. De bejaarden sitte op it stuit tydlik yn de gymseal. It is in needoplossing, want der wurdt in nij rêsthûs boud. De plannen binne om hjir in ferskaat oan minsken by yn te stopjen. Asielsykers, minsken mei in beheining, neam mar op. De bejaarden binne it der net mei iens. Se betinke fan alles om dit foar te wêzen. De spanning yn it bejaardetehûs is om te snijen. Frou Bokma hat se aardich ûnder de tomme. Mar hoe fier sil hja gean om de bejaarden harkje te litten. . . En wat docht it gemeentebestjoer hjir oan. . . It wurdt hoe langer hoe gekker. De swipe der oer is bytiiden in hilarysk stik, mar it kin ek werkenber wêze. It set minsken oan om nei te tinken. In stik mei útersten. Lit jo ferraskje, lit jo meislepe yn in stik mei in liedster dy’t net better wit en bejaarden mei in eigen ferhaal.
Skriuwer(s): BOER, Sjoukje de
Titel: De swipe der oer
Skreaun yn: 2006
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2010-05-26
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 2