De Toverring

Dimitri moat fan syn mem fan it lêste jild dat se ha moal keapje. Mar de earste kear komt er mei in hûn (Zjoerka) thús en de twadde kear mei in kat (Vasjka). Syn mem jaget him fuort, syn bistefreonen geane mei. Dimitri komt by in pope en dêr wurket er trije jier. As beleanning kin er kieze tusken in sek sulver en in sek sân, Dimitri kiest foar it sân. Letter, yn de bosk, sjocht er in famke by it fjoer sitten. Sy freget him om it sân oer it fjoer te struien; sy feroaret dêrtroch yn in slange. De slange fertelt dat se de dochter fan in ûnderierdske tsaar is en freget him om har nei hûs te bringen. As beleanning moat er de toverring freegje dy’t har heit om de pink draacht. Sa bart it ek en mei in leppel toverdrank binne se gau werom. Dimitri betinkt dan dat er mei de dochter fan de kening trouwe wol, en mei help fan de toverring slagget him dat ek. De prinsesse besiket achter syn geheim te kommen. As hy har de ring jout, rekket er syn frou en syn prachtich paleis kwyt en bedarret er yn de finzenis. Syn trouwe freonen Zjoerka en Vasjka helpe him. Se reizgje foar him nei it Mûzeryk, dêr’t de prinsesse hinne flechte is en komme mei de toverring werom. Sa krijt Dimitri syn moaie paleis werom, dêr’t er mei syn mem en syn bisten noch lang en lokkich wennet.
Skriuwer(s): PEANSTRA, Auck
Titel: De Toverring
Skreaun yn: 1997
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2013-04-10
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 7