De wrâldreis fan prinses kat

Magda is in âldere hofdame by Prinses Kat dy’t altyd slim kattich docht. Oan it begjin fan in wrâldreis wit se har dochter Cora sa fier te krijen om mei Prinses Kat fan klean te wikseljen. Cora, dy’t krekt stewardess is, docht it mei tsjinsin. De piloat leaut de prinses net. Sy moat no foar stewardess spylje en Cora spilet foar prinses. In polysje, in boef, en twa liifwachten komme hieltyd mei de klompen yn it spul as de prinses besiket om wer harsels te wurden. Fansels komt alles op ’t lêst op syn poatsjes telâne. Op harren reis komme prinses Kat en de oaren lâns ferskate wrâlddielen, mar op it toaniel sjogge wy in fiif ôfleveringen foaral de tocht sels; de fleanmasine, de trein en de boat. De ôfleveringen kinne per dei spile wurde mar bygelyks ek efter elkoar of yn twa kear.
Skriuwer(s): BOER, Renske de
Titel: De wrâldreis fan prinses kat
Skreaun yn: 2005
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2007-01-17
Dekor: fleanmasine / trein / boat
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 8