Der wie in man, dy’t Job hiet
Undertitel: "in dramatyske gelikenis"; it stik is dus in hjoedendeiske ferzy yn drama fan it bibelske boek Job. Hjir is Job in smoarrike yndustrieel, dy't alles hat: frou, bern, freonen, jild, macht en ynfloed. Troch in ferskaat oan oarsaken rekket er alles yn koarte tiid kwyt. Dochs besiket hy betrouwen te hawwen yn de minsken en syn lot te dragen. As blykt dat sels syn frou him yn'e steek lit foar syn bêste freon - dy't Job út jaloerskens ferriedt - wurdt dat betrouwen swier op'e proef set.
De haadfertelling wurdt trochsnijd troch in koar fan rouwende froulju, in manke swalker (in spegel fan it takomstige lot fan Job) en in fjouwertal fertellers.
It stik behânnelet eins deselde fraach as it bibelboek, mar dan yn 'in wrâld sûnder God': hoe is it kwea te fernearjen?
Skriuwer(s):
| VEENBAAS, Jabik |
Titel:
| Der wie in man, dy't Job hiet |
Skreaun yn:
| 1994 |
Te keap:
| 0 |
Ynfierdatum:
| 1999-03-30 |
Dekor:
| Ferskaat. |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 4 |
Tal manlju:
| 4 |