Doet, Gryts dochter

Beppe Gryt en dochter Doet hawwe in bedriuwke yn fegetaryske hamburgers en pizza's ensfh. Beide froulju binne teloarsteld yn 'e manlju. Beide hawwe hâlden fan ien, dy't net genôch fan harren hâlde. Se hâlden der beide in dochter fan oer. Beppe Gryt kin dêr oer orakelje as in profetes. Doet is wat oars. Har dochter Gryt hat al langer ferkearing, mar is dêr sa ticht oer as in pôt. Nei in wat persoanliker petear mei har mem, feroaret der gâns. Har freon hâldt safolle fan har, mar sy jout neat om him. Se hat it útmakke, want hat leaver in man, dêr't sy fan hâldt. KOMMINTAAR: Tige de muoite wurdich, dit stik. Goede dialogen en spannend oant en mei de ein. JV
Skriuwer(s): MIEDEMA, Baukje
Titel: Doet, Gryts dochter
Skreaun yn: 1994
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1996-07-08
Dekor: in keuken
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 0