Elkenientsje

Elkenientsje is stripster, se kriget in brief fan in man dêr't yn stiet dat se gau stjerre sil. Se sil siik en net wer better wurde. Dy jûns moat se optrede, mar dêr hat se gjin nocht oan. Se bellet mei har suster dat se har net goed fielt. Har suster riedt har oan om nei de dokter te gean en dat docht se. Earst liket der neat oan de hân te wêzen mar by in optreden sakket se yninoar. Se is siik, se wurdt thús fersoarge troch in ferpleechster. It giet hieltyd minder mei har en har freonen sykje har ek net mear op. Dat it minder mei har giet wurdt bygelyks útbylde troch in krêftpatser dy't syn gewichten net mear optille kin. Oan it ein kin hy net mear sjen en efkes letter ek net mear hearre. Oan de ein fan it stik wurdt útlein dat wat Elkenientsje oerkomt, dat se stjert, ús allegear oerkomme sil. Dêrom hjit se ek Elkenien-tsje hjit.
Skriuwer(s): RIEMERSMA, Trinus
Titel: Elkenientsje
Skreaun yn: 197O
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-04-13
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 9