Europaleane 16

In jong troud stel, Ronny en Jos, sette harren tydlik ta wenjen yn de lûkse flat fan Martin Brand. Dizze Brand, dy't fan syn frou Elise skiede sil, hat de flat op't stuit sels net nedich om't hy in skoft mei syn sekretaresse nei't bútenlân wol. It wurdt al gau dúdlik dat Ronny him frijwat ôfset tsjin de "kapitalistyske wrâld". Hy fielt himsels nochal miskend. Arbeidzje wol er net. Hy wol allinne mar dichtsje en in rjuchtmjittich diel hawwe fan wat it libben opjout. Mar de wurden foar in gedicht kin er net fine. Syn frustraasjes reagearret er ôf op syn meiminsken, benammen op Jos. It is foar him hiel gewoan dat er mei oare froulju it bêd yn dûkt. Ek sitte syn hannen frijwat los. Jos nimt dit allegearre omdat se fan Ronny hâld. Sels seit Jos: "Soms slacht Ronny my healdea, soms bringt er my ta hichten der't ik foarhinne gjin weet fan hie". As Martin en Elise delkomme om noch it ien en't oar út de flat te heljen, docht bliken dat Martin wol wat yn Jos en Elise wol wat yn Ronny sjocht. As se letter noch ris delkomme slagget it Elise Ronny yn't bed te krijen. Om oan it noadige jild te kommen lit Ronny him yn mei saken, dy't it deiljocht net ferneare kinne. Ien fan syn freonen yn dizze saken is David de eardere ferloofde fan Jos. Ronny hat, Jos fan him naam. Ronny dy't belutsen wurdt by in fjochtpartij, stekt immen mei in mes del. De man stjert oan'e gefolgen. De plysje siket de dieder. David is de iennigste tsjoege dy't sjoen hat dat Ronny de dieder is. David wol dit brûke om Jos werom te krijen. Ronny wol syn frijheid keapje troch Jos oan David te jaan. Ronny twingt har hjir mei geweld ta. Jos besiket om te dwaan wat der fan har frege wurdt, mar kin it net opbringe. Om Ronny út de finzenis te hâlden stekt se David mei Ronny syn mes dea. KOMMINTAAR: Dit fel realistyske stik wurdt ynlaat troch dias, dy't de toan sette fan it stik. Alhoewol it stik al in jiermannich âld is, is it noch tige aktueel. De hanneling is maklik te folgjen. Hoe wol it ein net foarsisber is, fiele jo fuort yn't begjin al dat it net goed ôfrinne kin. Beslist gjin stik foar begjinners. AJ
Skriuwer(s): TERPSTRA, Piter
Titel: Europaleane 16
Skreaun yn: 1972
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1996-07-04
Dekor: wenkeamer yn lúkse flat
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3