Fando en Lis

In absurd stik oer de tragyske leafde tusken Fando en Lis. Lis is oan beide skonken ferlamme en sit yn in bernewein. Fando kin alles mei har dwaan wat er wol. Ek al hat er har leaf, hy is faak hiel wreed tsjin har; krekt as kin er net oars. Hy makket har mei in ketting fêst oan de wein en hy slacht har. It ienige dat sy dwaan kin is him tasizze litte dat er fan har hâldt en dat er foar har soargje sil en har ienige wraak is te swijen. Se hawwe foar elkoar keazen, mar witte harren gjin rie mei de leafde. Harren doel is yn Tar te kommen, mar dat wol net slagje; alle kearen dat se op wei geane, komme se wer op it selde plak werom. Se moetsje trije mannen dy't ek op wei binne nei Tar. Se beslute mei syn allen te gean. Fando rint folle hurder as de mannen, omdat, sa seit er sels, hy de wein triuwt. Fando en Lis komme wer op it selde plak út. Fando hat wat nijs yn't sin: hy docht har hânboeien om en lit har krûpe. Omdat se dit net wol en net kin slacht er har. Se stjert. Fando is ferbjustere. De trije mannen komme ek op it selde plak út en mei Fando sille se noch ris besykje yn Tar te kommen.
Skriuwer(s): ARRABAL, Fernando
Titel: Fando en Lis
Skreaun yn: 1955
Utjoen yn: 1987
Te keap: 0
Oersetter: Haan, Jikke de
Oarspr. Titel: Fando et Lis
Ynfierdatum: 1998-10-20
Dekor: In leech dekor en in hiele grutte bernewein.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 4