Feesttinte op’e merke

Wander is in ynfalide man fan omtrint 60 jier yn in rolstoel. It is merke. Efter it poadium sjongt er op'e muzyk fan it 'Hollandia Combo', mei ûnkontrolearre gjalpen. Servearster Monica hellet him oer om ek wat te sjongen op it poadium. Hy wol it dwaan foar in tút fan har. Wylst Wander sjongt kin de sjonger fan it Combo net mei syn hânnen fan Monica ôfbliuwe. Monica nimt wraak troch it bierglês fan de sjonger fol te jitten mei de pis fan Wander. Mar as Wander op syn beurt syn tút opeasket wurdt it har tefolle. Yn in wylde dûns reageare beiden harren frustraasje ôf: Wander om't er gjin seks krije kin, Monica om't se gjin leafde krije kin. NB 'HERTEJACHT' bestiet út tsien sênes fan hieltyd twa personaazjes (útsein sêne 1, 4 en 10), dy't meiinoar in keatling foarmje oer de langstme nei leafde, tederheid of seks: ien fan de twa personaazjesspilet ek wer yn de folgjende sêne mei in oar personaazjes dat dan sels wer yn de dêrop folgjende sêne spilet, ensfh. Dizze struktuer is basearre op 'Reigen' ('Peardûns') fan Arthur Schnitzler. Dizze fariant is yn opdracht fan Tryater skreaun troch tsien skriuwers en troch dit selskip yn 1997 opfierd. De sênes kinne lykwols hiel goed 'los' spile wurde. Rjochten moatte oanfrege wurde by Tryater yn Ljouwert of by de skriuwers. MONICA komt werom yn 'Pikmarboulevard' fan Wilco BERGA. WANDER yn sêne tsien fan Tsjitske de BOER, 'Yngong feesttinte'.
Skriuwer(s): HOEKSTRA, Lolkje
Titel: Feesttinte op'e merke
Skreaun yn: 1996
Utjoen yn: 1997
Te keap: 1
Ynfierdatum: 1999-02-23
Dekor: Feesttinte op'e merke.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 2