Ferjiteilân

Troch toanielspylje, sjongen en dûnsjen litte de bern de avontoeren sjen fan Kees, de soan fan de fjoertoer-wacher. Kees dy't pleagjend Krieltsje neamd wurdt om't er sa lyts is, sit faak achter de kompjûter Dan surft er op it ynternet en ferstjoerd er e-mailberjochten. Bygelyks nei de radio, oer it eilân dat er troch de grutte fierrekiker op de fjoertoer fan syn heit, lizzen sjoen hat. Kees wol bewize dat it eilân wier bestiet om't er de oaren, dy't him noait leauwe en altyd pleagje, wolris sjen litte wol wat er kin. Dêrom gier er op syk. It slagget him om t eilân te berikken, mar hy komt dêr yn in wrâld telâne fan izeren manlju en porseleinen froulju. De baas fan it eilân, Bobo Rudolf Witniks, fynt dat it wêzen fan fleis fierstentefolle wit en stjoert him nei de ôflearskoalle. Wat Kees der allegearre belibbet en hoe't er nei spannende avontoeren besiket wer thús te kommen is allegearre te sjen yn dit fantastyske ferhaal, dêrt de kompjûter in ûnmisbare rol yn spilet...
Skriuwer(s): BIEGEL, Paul
Titel: Ferjiteilân
Skreaun yn: 1998
Te keap: 0
Oersetter: Holtrop, Benny
Oarspr. Titel: Het eiland daarginds
Ynfierdatum: 2009-12-15
Dekor: eilân,fêste wâl mei in fjoertoer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik ís útjûn troch it BIS (Berne Iepenloftspul. Foar kontakt kinne jo kontakt opnimme fia info@berneiepenloftspul.nl
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0