Finzen yn fantasy
In komeedzje mei in serieuze psychologyske ûndertoan.
Ayckbourn lit yn dit stik twa wrâlden troch elkoar hinne rinne; oan de iene kant is der de echte wrâld fan Susan, dy't frustrearre is as frou en as mem. Se hat in ferfeelsume man, in ûnferskillige soan en in nuveraardige skoansuster dy't altyd striemin iten klearmakket.
Oan'e oare kant is der de dreamwrâld fan Susan, dêr't it roazen en anjelieren snijt, mei in skat fan in dochter, in ideale man en in soargsume broer. Dizze wrâld begjint neidat Susan yn'e tún de stâle fan'e harke tsjin de holle krigen hat. It hin' en wer gean tusken dizze wrâlden kin úteinlik net goed gean en Susan stiet oan it ein fan it stik dan ek hielendal alinne en ferbaldere yn'e tún.
Skriuwer(s):
| AYCKBOURN, Alan |
Titel:
| Finzen yn fantasy |
Skreaun yn:
| 1985 |
Utjoen yn:
| 1991 |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Zee, Pyt en Tryntsje van der |
Oarspr. Titel:
| Woman in mind |
Ynfierdatum:
| 1998-07-03 |
Dekor:
| In tún. |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 3 |
Tal manlju:
| 5 |