Firma list en bedroch

By de bruorren Willem en Tinus Klep stiet alles sa’n bytsje yn it teken fan auto’s. Sa hat Willem al jierren in wat tsjustere autosloperij en Tinus hâld him ek mei fan alles dwaande wat it deiljocht eins net ferdrage kin. No hat der wer in hanneltsje opsetten yn âlde auto’s, mar ja om âlde auto’s oan de man te bringen slagget fuort net . Dêrom hat der ien fan it útstjoerburo komme litten en wat foar ien. Dizze hat it buskrûd net útfûn, lit stean fan de auto. Op it mêd fan auto’s hoege jo de bruorren neat te learen mar froulju binne hiele oare apparaten. Nim no de beide buorfroulju, beiden de simpele kant it neist. Hoe hâlde jo sokken mei in bytsje fatsoen bûten de doar? Dit slagget sowieso net mei Fokje. Fokje is in fleurich jong famke mei it bekje op it goeie plak. Nee, dizze sette jo fuort net op 'e rem. Om de gaos hielendal kompleet te meitsjen komt der ek noch sa’n eigenwiis Hollânsk frommes te útfanhúzjen. Hoe moatte de manlju harren mei sa’n ien no hâlde en drage? Sjoch as it no auto’s west wiene hiene se it wol witten. Auto’s binne in hiel oar ferhaal, dizze kinne jo altiten noch foar de sloop fuort dwaan, mar froulju...
Skriuwer(s): STOELWINDER, Tjalke
Titel: Firma list en bedroch
Te keap: 1
Ynfierdatum: 2016-06-13
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5