Fjoer yn ‘e kop

Age, in jonge fan sechtjin, heard lûden yn syn holle. Dat fertelt hy oan Tine. Dy fynt it mar frjemd en stom. Age fynt Tine wol aardich, mar Tine wol leaver mei Sjoerd, in stoere jonge mei in brommer. Age syn heit fynt dat Age better syn bêst dwaan moat op skoalle en net sa omhingje moat. Age falt fûl út tsjin syn heit: sa't syn heit libbet is ek net altyd like geweldich. Altyd mar wurkje foar de kost. Age wol it oars. Bliuwt it by dreamen of sil it him slagje ?
Skriuwer(s): SOEPBOER, Albertine
Titel: Fjoer yn 'e kop
Skreaun yn: 1999
Utjoen yn: 1999
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-05-25
Dekor: Strjitte, mei bankje.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 3