Foar altyd en altyd en altyd
Geartsje en Hinke rinne op in tsjerkhôf om, se wachtsje op harren suster Martsen. Se hawwe Martsen trije jier net sjoen, se hiene ferwachte om har wer te sjen doe't harren mem ferstoar, mar ek doe wie se der net. Om't se gjin adres hawwe fan Martsen en allinnich witte dat se yn Amsterdam wennet, hawwe se in advertinsje set yn in Amsterdamkse krante mei de oprop hjoed hjir op it tsjerkhôf te kommen. Martsen komt en earst ferrint it kontakt stroef. Hinke ferwyt Martsen dat se samar fuort gien is en har en har suske by har opljeppende mem litten hat. As Martsen útleit wêrom't se fuort gien is, ûntstiet der mear begryp foar elkoar. It docht bliken dat Martsen harren heit opsocht hat en al dy tiid by him wenne hat. Hinke en Geartsje binne fernuvere, harren heit hawwe se noait kend. Wêrom hat Martsen noait wat fan har hearre litten? Wêrom hat Martsen har suskes noait ophelle en meinommen nei harren heit? Hinke en Geartsje hawwe it net maklik hân by harren mem. Mar as Martsen fierder fertelt docht bliken dat harren heit net foldocht oan it dreambyld dat se fan dizze man hiene. Ek Martsen hat har foar it grutste part sels rêde moatten. Dat bringt de famkes tichter byinoar.
Skriuwer(s):
| BILKER, Anna |
Titel:
| Foar altyd en altyd en altyd |
Skreaun yn:
| 1998 |
Utjoen yn:
| 1999 |
Te keap:
| 0 |
Ynfierdatum:
| 1999-11-03 |
Dekor:
| In tsjerkhôf. |
Omfang:
| Ienakter |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 3 |
Tal manlju:
| 0 |