Hat myn ingelbewarder ek rjocht op in útkearing

Gabe de ingelbewarder fan Sita sjocht it net mear sitten. Al santich jier beskermet hy har tsjin al it ûnheil wat op har wei komt. Hy hat der ek foar soarge dat har siel altyd suver bleaun is. Mar no’t se wat âlder wurdt, is it spannendste der of. Gabe wol graach dat Sita oergiet nei de ivichheid sadat hy in nij “beskermbern” tawiisd krije kin. As Sita har ingelbewarder dúdlik makket dat se fuort noch net fan doel is om dea te gean, wurdt hy opstannich. Sita komt hjir troch yn grutte problemen. Sy kriget rûzje mei har freondinnen en wurdt slachtoffer fan in tal ûngelokjes. As de ingelbewarders fan harren freondinnen dan ek noch foar Gabe kieze, driget sy folslein troch te draaien. Mar Sita knapt wer op, nimt wraak en soarget foar in geweldich stikje fjoerwurk.
Skriuwer(s): LEENDERS, P.
Titel: Hat myn ingelbewarder ek rjocht op in útkearing
Skreaun yn: 1972
Te keap: 1
Oersetter: Jorna, Siep
Oarspr. Titel: Heeft mijn engelbewaarder ook recht op een uitkering
Ynfierdatum: 2007-01-17
Dekor: wenkeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3