Heksesabbat

Fjouwer froulju binne om en by de fyftich, fit en modern. Se probearje twa kear yn ’t jier in kear byinoar te kommen, mar de perioade wurdt gauris wat langer. Dizze kear wie de beurt fan Marchje. Johannes, Marchje har man, is yn earsten stoarsinder en lûkt him fan regels, fan gastfrijens neat oan. Hy is oan ien side ferlamme troch in attaque en dat hat syn karakter, dat dochs al erchtinkend en de noartske kant neist wie, noch fierder negatyf beynfloede. De froulju hawwe it drok mei harsels, fine Johannes in klier, hawwe in protte wille, binne in bytsje tè oerstjoer miskien, te lakerich, te obsternaat, tè fan fan alles. Geane ek oerein om wat te besjen as dat yn har opkomt, se ha út en troch ris in opstiging, se fiele har thús by har freondinne.
Skriuwer(s): SEVENSTER, Simy
Titel: Heksesabbat
Skreaun yn: 1997
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2017-10-19
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 1