Hynderkes
De foarronde fan in "miss-ferkiezing" ergens yn Fryslân. Yn 'e klaaikeamer meitsje seis famkes har op foar it optreden, wylst de sjuery en it publyk yn 'e klaaikeamer sitte te wachtsjen. Dan liket der fan alles mis te gean: ien fan 'e famkes is it badpak kwyt, in oar mist in skoech, en by wer in oar sit der in skuor yn 'e lange jurk. De dame dy't de ferkiezing organisearre hat besiket de saak te rêden. De pleatslike sjoernalist fergriemt him yntusken om de rivaliteit ûnder de famkes. Ien fan har wurdt benammen fertocht. Oan 'e ein docht bliken dat de beppe fan ien fan 'e famkes al it leed teweech brocht hat. As eardere Dolle Mina-aktiviste koe sy it net sette dat de "hynderkes" sa te pronk set wurde. It optreden falt yn 't wetter, mar de famkes biede wol har ekskúzes oan oan 'e falsk beskuldige kollega.
Skriuwer(s):
| BILKER, Anna |
Titel:
| Hynderkes |
Skreaun yn:
| 1999 |
Utjoen yn:
| 1999 |
Te keap:
| 0 |
Ynfierdatum:
| 1999-05-25 |
Dekor:
| Klaaikeamer. |
Omfang:
| Ienakter |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 9 |
Tal manlju:
| 2 |