Hyt ûnder de fuotten

Jo nimme in cruise skip , neame it de Fleurige Flipper en sette der twa fleurige helpen op sa as John en Dick. Derby sette jo alderlei frjemde gasten op it skip en jo ha in hilarysk ferhaal. Wat as in earsterangs boer ( Bokke ) mei syn simpele soan ( Gaatse ) yn de kunde komme mei in wat apart frommes ( Tryn ) dy’t harren seit wer it op stiet , stiet by de mannen it hier rjochtop yn 'e nekke. Mar as soks no komt fan lilkens as fan wat oars… wa sil it sizze? Wat soe der barre as der in jong steltsje mei harren beiden oan boat komme, teminsten dat tinke se. Sawol Gerjan, profesjoneel seurpiet, as syn freondinne Ankie krije ûnferwachts besite fan in famyljelid hokker se leaver net op dizze reis tsjinkaam wiene. Mar ek Mirjam, de eks fan , bringt in protte leven op de Fleurige Flipper. Om it spul hielendal klear te meitsje sette jo der ek noch in hiele nuver fûgel op , dy se de hiele reis fleanen sjocht. No dan krije jo in stik wat Suver Nuver is.
Skriuwer(s): STOELWINDER, Tjalke
Titel: Hyt ûnder de fuotten
Te keap: 1
Ynfierdatum: 2016-06-13
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 6