Iensum yn Ierlân

De twa bruorren Coleman en Valene Connor libje allinnich yn it âlderlik hûs nei de dea of moard fan harren heit, it hinget der mar fan ôf oan wa’t je it freegje. Se kinne net tegearre libje sûnder algeduerigen út te barsten yn rûzjes mei geweld oer de meast ûnbenullige en ûnskuldige saken. Pastor Welsh of Walsh, it hinget der mar fan ôf oan wa’t je it freegje, is nij yn dit troch God ferlitten doarp oan de Ierske westkust. Sûnt syn kommen hat hy al trije moarden en in selsmoard meimakke. Sels de famkes fan it fuotbalalftal slagje der algeduerigen yn harren tsjinstanners it sikehûs yn te skoppen. Pastor Welsh besiket lykwols syn parochianen op it rjochte paad te hâlden. Hy fielt him ferplichte de bruorren mei inoar yn it lykwicht te bringen foardat it einiget yn in bloedbad.
Skriuwer(s): MCDONAGH, Martin
Titel: Iensum yn Ierlân
Skreaun yn: 1997
Utjoen yn: 1999
Te keap: 0
Oersetter: Zee, Tryntsje van der
Oarspr. Titel: The Lonesome West
Ynfierdatum: 2003-07-21
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 3