Iepen dei op ‘e doarpskrante

Iepen dei op 'e doarpskrante is in musical oer in jubileum fan de doarpskrante. Fansels begjint it mei feest: in revu, wêr't de deadline, it printsjen, it nytsjen, de frijwilligers en al soksoarte saken feestlik oan de oarder komme. Mar dêrnei mei it publyk yn de echte wrâld fan de doarpskrante sjen as der in grutte feroaring yn it doarp oan kundige wurdt. De pleatslike grut grûn besitter is fan doel om al syn lân om it doarp hinne fol bosk te setten en der in toeristysk 'pret park' fan te meitsjen. Dat falt lang net goed by in part fan de befolking, wylst oaren der krekt mooglikheden yn sjogge. Dan is it dreech om ûnôfhinklik en neutraal te bliuwen as redaksje, benammen as de 'projektûntwikkelder' betocht hat de doarpskrante as medium te brûken foar syn kommunikaasje mei it folk. Der sitte 16 fleurige hiel ferskillende lieten yn de musical oer ferskate ûnderwerpen, al wurdt fansels de sjoernalistyk der rom yn besongen. Mar der binne ek lieten oer de bosk,jild,oer plannen meitsjen ensfh.
Skriuwer(s): SYTEMA, Herman
Titel: Iepen dei op 'e doarpskrante
Skreaun yn: 2000
Utjoen yn: 2001
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2003-07-21
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5