Ik kin net oars

In stik oer it libben fan Fedde Schurer. It beskriuwt syn libben fan syn berte oant syn ferstjerren. We sjogge hoe't hy gryt wurdt by syn heit en mem. As hy fan skoalle kin, wurdt er timmerfeint. Hy wol graach skoalmaster wurde, mar syn heit en mem riede it him ôf. Letter kiest hy dêr dochs foar en hy kriget in oanstelling op 'e Lemmer. Hy trout mei Wil. Syn leafde foar boeken bloeit op en hy begjint te dichtsjen. Ek hat hy in grutte leafde foar de Fryske Taal en de Fryske tradysjes. Troch syn eigensinnige wize fan tinken oer it Kristendom en de oarlaoch wolle de minsken op 'e Lemmer him net mear as skoalmaster op haren skoalle hawwe. Hy giet nei Amsterdam en hat dêr in moaie tiid. Hjir wurde syn gedichten en syn politike stikken wurdearre. Mar Fryslân lûkt altyd en hy giet werom nei syn Heitelân. NB Rollen kinne dûbbele wurden.
Skriuwer(s): SPOELSTRA, Oene
Titel: Ik kin net oars
Skreaun yn: 1980
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-04-13
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 21