In bryk tafol

Jo hawwe it as lytse ûndernimmer dreech yn dizze tiid. Mar Jaap Broekstra is de tiid wol treast en skuord him d'r aardich troch, mei stipe fan syn frou. Harren soan Tjerk hat hjir en dêr in baantsje en wennet noch by de âlde lju thús. Teunis Hessels, in freon fan Jaap, komt út en troch ris efkes by harren oer de flier, soks fanwege bestjoersfunksjes. It is ek goed, dat jo efkes witte dat Tytsje Tymstra in net troude suster is fan frou Broekstra. In eintsje fierder yn 'e buorren wennet Douwe Sipkema fan it karrosserybedriuw, in poerbêste man, mar hy lit 'm net foar ien gat fange. Sipkema syn húshâldster is net nijsgierrich, mar wol alles graach witte. As de gerdinen fan siden geane, leit de soan op 'e bank te studearjen en op 't selde stuit ryd Jaap Broekstra de wei del yn syn Ford Eskort 1600 en sjcoht in liftster stean...
Skriuwer(s): LOOP, M.
Titel: In bryk tafol
Te keap: 0
Oersetter: Pietersen, K.
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 2009-12-15
Dekor: Húskeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4