In bysûndere dei

Itaalje 1938. De dei fan de histoaryske moeting tusken Hitler en Mussolini. De flat wêr’t Antoinetta wennet rint leech. Elkenien giet nei de parade, ek har man en bern; sy bliuwt sels thús om it húshâlden te dwaan. Troch in tafal moetet Antoinetta, Gabriele, de hierder boppe har, in radioreporter dy’t ûntslein is om’t hy gjin hert foar it faksisme hat en boppedat homo is. Antoinette en Gabriele bliuwe dizze dei tegearre. Foar har is it de earste man dy’t har mei respekt behannelet; foar har eigen man is se neat mear as in dweil. Der bloeit wat moais tusken Antoinetta en Gabriela en nettsjinsteande it feit dat Gabriele homo is geane se mei elkoar op bêd. Dan wurdt Gabriele, krekt as freonen fan him, oppakt. Antoinetta bliuwt ûntheistere efter. As har man werom komt en har wer as in dweil behannelet is der dochs wat feroare yn it karakter fan Antoinetta.
Skriuwer(s): SCOLA, Ettora
Titel: In bysûndere dei
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Wadman, Anne
Oarspr. Titel: Una giornata particolare
Ynfierdatum: 2003-07-21
Dekor: flat / dakterras
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5