In dei út it libben fan in deade mosk

Guus en Riekje ha in famke fan 11 jier dat swier gehandikapt is en oan tafallen hat. Se is harren iennichste bern. Se ha in goed houlik ûndanks de problemen mei it famke. Riekje tinkt dat de tastân fan de lytse Wiesje har skuld is om 't se earder nochal wyld libbe hat. Toch wit Riekje better mei har fertriet om te gean as Guus. Stadichoan wurdt Guus in senuwpasjint, as leraar in ûnmooglik mins dy't syn learlingen as natuerlike fijannen beskôget. Syn galgehumor is in wapen tsjin de machteleazens. Syn mem hat him as bern tefolle bepopke, sadwaande is hy in tige kwetsber minske wurden dy't op 't lêst de krêft net mear opbringe kin om jûk te sjouwen en smyt it fan him ôf. Nei in mislukte poging om syn bern te deadzjen lit hy syn gesin yn 'e steek…
Skriuwer(s): NICHOLS, Peter
Titel: In dei út it libben fan in deade mosk
Skreaun yn: .
Utjoen yn: .
Te keap: 0
Oersetter: Bremer, Harke en Hoekstra, Jarich
Oarspr. Titel: A day in the death of Joe Egg
Ynfierdatum: 2014-12-17
Dekor: .
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 2