In frjemd stel

It appartemint fan Olive Madison is it plak wêr't in groep freondinnen elke freedtejûn by elkoar komme om Triviant te spyljen. Olive is skieden en liket har, ôfsjoen fan it feit dat se neat op oarder hat, redelik goed allinne rêde te kinnen. At ien fan de freondinnen, Florence Unger, ek skiede sil, noeget Olive har út om salang mar by har te wenjen. Alle freondinnen, ynklusyf Olive sels, binne nammentlik bang dat Florence de skieding net oan kin en rare dingen dwaan sil. Gruttere tsjinpoalen as Florence en Olive binne der net en it duorret dan ek net lang as de bom barst tusken it neuroatyske kasplantsje Florence en de rommelige stoere Olive. De direkte oanlieding hjirta foarmje de twa Spaanske broers dy't yn itselde gebou wenje. Olive hat har sinnen op beide manlju set, mar wurdt hjiryn danich dwers sitten troch Florence. Uteinliks is by Olive de maat fol en se set Florence der út. Hoe kin it ek oars as dat Florence no leafdefol opnommen wurdt troch gjinien minder as..de beide Spaanske broers. Dit is de frouljus ferzje fan de ferneamde en ek ferfilme komeedzje fan Neil Simon.
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: In frjemd stel
Utjoen yn: 2011
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: The odd couple
Ynfierdatum: 2011-10-16
Dekor: ien, appartemint
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Vink yn Alkmaar. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Vink keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 2