In kolderike Skets

Gatzon, in butler is yn tsjinst by in Lord. No sil der in Baronesse op besite komme dy't op it jild fan de Lord út is, mar de Lord is yntiid ferstoarn sûnder dat de Baronesse hjir fan op de hichte is. As de Baronesse komt is der dus mar ien dy't har dat fertelle kin: Gatzon! En dy sjocht der nochal wat tsjin oan, want de Lord hat syn jild net oan de Baronesse fermakke mar oan syn trouwe butler Gatzon. As de Baronesse der is en it hege wurd fan it ferstjerren fan de Lord en de erfenis is der út, draait de Baronesse om as in blêd oan de beam en besiket it oan te lizzen mei de no rike butler. KOMMINTAAR: In echte klucht, dy 't mei gefoel foar tempo en ritme spile wurde moat en beslist net maklik is, dus net foar begjinnende spilers. Der sitte moaie kolderike situaasjes yn, bygelyks it hieltyd wer stroffeljen fan de butler Gatzon oer it taske fan de Baronesse, kommintaar nei it publyk en sa mear. Der is in hiel dúdlike list mei rekwisiten en klean by it stik oanwêzich, sadat jo wat dat oangiet al in moai soad wurk út hannen nommen wurdt. GD
Skriuwer(s): VRIES, Wimpy de
Titel: In kolderike Skets
Skreaun yn: 199?
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1996-07-08
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 1