In skelet yn Ierlân

In doarp mei al syn yngrediïnten. Elkenien kin elkoar en foaral elkoars geheimen en langstmen. Der wurdt rabbe mar noch mear kweasprutsen. Der hearsket wurkleazens. Wa’t noch it lef hat om syn dreamen nei te jeien , giet nei it bûtelân: it rike part fan West-Europa, of Amearika. Mar sy dy’t net mear fuort kinne, wolle net allinnich efterbliuwe: elk middel wurdt tastien om de lêste trouwe doarpsbewenners thús te hâlden. Dat sprekt foar himsels. Foar wa’t syn neisten te benearjend fynt, is moard fansels de ienichste útwei. Dat sprekt foar himsels. Om ‘e nocht siket de polysje nei moardners. Om ‘e nocht besiket de jonge, oan alkohol ferslaafde doarpspastor syn parochianen fan moard ôf te hâlden. “In skelet yn Ierlân” giet oer it swarte bestean fan de pleatslike deagraver dy’t sûnder ienich moreel besef libbet.
Skriuwer(s): MCDONAGH, Martin
Titel: In skelet yn Ierlân
Skreaun yn: 1997
Utjoen yn: 1998
Te keap: 0
Oersetter: Zee, Pyt en Tryntsje
Oarspr. Titel: A Skull in Connemara
Ynfierdatum: 2003-07-21
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 3