In slet fan tsien dollar

It strjithoerke Lizzy wurdt lestig fallen troch in jonge swankebast fan goede komôf. By de rûzje dy't dêrop folget wurdt in neger, dy't tafallich tjûge wie, delsketten. Letter besiket men syn kameraat de skuld yn de skuon te skowen. Ophise troch rassewaan liket hy troch in groepke blanken lyncht te wurden. Dêrnei siket hy in skûlplak by Lizzy, dy't krekt bliid is mei de belangstelling fan Fred, de soan fan in senator. De swarte jonge wol dat it famke de wiere tadracht oan it ljocht bringt, om't allinne dat him fan syn efterfolgers rêde kin. Dizze Fred is lykwols in neef fan de echte skuldige. Fred en syn heit dy't heech oanskreaun stiet, besykje it famke, yn ruil foar jild, ta meineed te bringen: goed besjoen is it in died út heitelânsleafde, as troch har ferklearring in nutteleaze neger opoffere wurdt foar de ûnbetochtsumheid fan in respektearre blanke. Under druk jout it famke ta, ferriedt de neger en mei dêrnei heit en soan fan de senatorenfamylje ta har regelmjittige besiters rekkenje. Nettsjinsteande dat fielt Lilly har besibbe oan de swarte jonge: beide binne misbrûkt troch de riken en berôve fan harren weardichheid. Mar gjinien fan de ûnderdrukten is by steat om yn opstân te kommen. Kommintaar: It stik spilet yn de tiid dat de skieding fan rassen yn in soad súdlike steaten noch offisjeel polityk wie. De tekening yn it stik is net allinne letterlik, mar ek figuerlik nochal swart-wyt. Mar it stik is mear dan in oanklacht tsjin de rassehaat en tsjin maatskiplike útrûpeling en fernedering fan de rjochtleazen troch de besittende klasse. Sartre naam in links, marksistysk stânpunt yn, mar yn tsjinstelling ta bygelyks de (westerske) kommunisten stiet by him it yndividu sintraal. Dat yndividu moat in kar meitsje, dêryn leit syn besteansgrûn. Dat betsjut net dat tsjin Lizzy in moralistysk fingerke opstutsen wurdt, om't hja in foute kar makket. Krektoarsom, it stik wol sjen litte, dat as immen de stim fan syn gewisse net folgje kin, it mei syn weardichheid dien is. Om hjoeddedei noch spile te wurden, soe it stik faaks bewurke wurde moatte. Swierrichheden tusken ferskillende (etnyske) groepen binne der noch hieltyd, mar de tsjinstellings lizze net mear sa swart-wyt. HB
Skriuwer(s): SARTRE, Jean-Paul
Titel: In slet fan tsien dollar
Skreaun yn: 1945
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Wadman, Anne
Oarspr. Titel: La putaine respectueuse
Ynfierdatum: 1996-07-03
Dekor: in meubilearre keamer yn súden fan de Feriene Steaten
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 6