In ûnferjitlike heit

It ferstjerren fan de 78-jierrige Jisk Marten Dellema besoarget syn neiteam gâns tipelsinnichheden en emoasjes. Wa wie einliks dy wat útstrutsen, skrale, stiltsjes libjende en yn it rêsthûs útdôve man, dy't troch ien fan syn bern in ûnferjitlike heit neamd wurdt? Wied er yndied de warbere, kloeke sakeman sûnder-wryt-of-slyt dy't er like en graach wêze woe? Liet er jild nei of wie alles op? Hied er in goede húsfader west of hied er twa froulju de dea yndreaun? Mei dy fragen tiizje syn bern, eigen en oantroud, de dagen foar en nei syn beïerdiging wakker om. Stikje by bytsje losse de riedsels har op en komt in part fan de wierheid oan it ljocht. Der spylje yn dizze lytse, mar roerige famylje-rûnte, neist it fertriet om in stjergefal ek wrange, mar soms gesellige irony en waarme minsklikheid mei.
Skriuwer(s): WADMAN, Anne
Titel: In ûnferjitlike heit
Skreaun yn: 1994
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-04-13
Dekor: wenkeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 8