In wintersprookje

'A Winter's Tale’ is in nuveraardich stik. It falt eins yn twa parten útinoar. Yn it iene diel beskriuwt Shakespeare hoe’t twa hertsfreonen, kening Leontes fan Sicilië en kening Polyxenes fan Bohemen harren freonskip ferspylje troch deselde oergeunst dy’t letter Othello nei de ûndergong fiere sil. It ferstjitten fan in bern dat foar de wolven lein wurdt, de dea fan de keninginne fan Sicilië en de skieding fan in hoveling, binne it gefolch derfan. Yn it oare part sjogge we dat de soan fan de iene kening en de fan de wolven sparre dochter fan de oare kening fan elkoar hâlde. Mar it stânsferskil stiet har houlik yn it paad. Earst besiket de prins him as gewoan minske foar te dwaan, nei in flecht wurdt besocht it famke as prinsesse (wat se eins ek is) te presintearjen, mar hieltyd rint it mis. Oant de keninginne wer yn it paleis ta libben komt, nei ’t se achttjin jier in stânbyld west hat, it keninklik komôf fan it famke bekend wurdt en it jonge pear trouwe kin. 'Wa’t te folle nei oaren sjocht ferliest himsels', sil yn 'e nije foarstelling in wichtige tematyk wurde. It stik wurdt in kombinaasje fan lokaasjeteater, breakdance, maskerfoarmjowing en ferskeidene soarten musyk.
Skriuwer(s): SHAKESPEARE, William
Titel: In wintersprookje
Skreaun yn: 1623
Te keap: 0
Oersetter: Oldenhof, Bouke
Oarspr. Titel: A winters tale
Ynfierdatum: 2009-12-16
Dekor: Sporthal
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 9