It atelier

Grumberg skildert yn dit stik syn eigen bernetiid, flak nei de oarloch yn Paris, doe't syn mem yn in naaiatelier wurke. In stik oer de trochwurking fan'e oarloch yn it deistige libben. It spilet fan 1945 oant 1952. Tusken alle sênes is in pear jier ferskil, mar it hiele stik spilet yn in naaiatelier. De haadpersoan, Simone, begjint har wurk hjir, neidat har Joadske man net weromkommen is út it konsintraasjekamp. Se libbet yn ûnsekerheid omdat se net wit oft hy noch libbet. De fjouwer froulju dy't der al wurken, binne hiel ferskillende types. Se beprate alles en wille en striid wikselje elkoar hieltyd ôf. Sy en de manlike parsers binne aardich mûnich. De baas hat gjin skyn fan kâns, hy waait mei alle winen mei en syn frou nimt de beslissingen. It praat giet faak oer mannen en in pear riede Simone oan in oare man te sykjen. Simone wol dêr lykwols neat fan witte. Se moat faak by har wurk wei om by ferskate ynstânsjes te fernimmen oft der nijs oer har man is en de baas moat wol om lyk want syn kommentaar wurdt net wurdearre. Hy is dan ek bliid as se op papier kriget dat har man ferstoarn is. It stik einiget mei it berjocht fan har soantsje dat se yn it sikehús leit omdat se net mear koe.
Skriuwer(s): GRUMBERG, Jean-Claude
Titel: It atelier
Skreaun yn: 1979
Te keap: 0
Oersetter: Dalstra-Fokma, Janneke
Oarspr. Titel: L'Atélier
Ynfierdatum: 1998-08-04
Dekor: In naaiatelier.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 4