It ferhaal fan de bistetún

Op in bankje yn it park fan in grutte stêd sit Peter en lêst in boek. Peter is in kreaze fjirtiger, mei in nette baan, in frou, flat, bern, kat en twa parkiten. Dan komt Jerry, in earmoedige slungel, dy't yn in folslein isolemint libbet. Fia de bistetún is hy yn it park bedarre en no wol er syn ferhaal kwyt. Ta dat 'ferhaal fan de bistetún' komt it lykwols net. Wol fertelt Jerry it oangripend relaas oer himsels en de grimmitige hûn fan syn hospita. Earst troch freonlik te wêzen en letter mei wredens hat er besocht om alteast mei dit kring fan in bist in ferstânhâlding oan te gean. Fergees. Sels it bist fermoardzje slagget net. Mear as njonken inoar fierder libje, sit der net yn, tinkt er. Op de 'humane' boargerman Peter makket dit ferhaal grutte yndruk. Dochs begrypt er mar heal dat er sels op syn eigen wize yn krekt sa'n kokon libbet as Jerrys . Jerry sjocht net in oare útwei as ek mei Peter te besykjen om mei freonlikens èn mei wreedheid him tagong ta dy oar te skeppen. Hy lokket in rúzje út mei Peter om syn plakje op de bank, jout him syn eigen mes en stoart himsels dan deryn.
Skriuwer(s): ALBEE, Edward
Titel: It ferhaal fan de bistetún
Skreaun yn: 1958
Te keap: 0
Oersetter: Hettinga, Tsjêbbe
Oarspr. Titel: The zoo story
Ynfierdatum: 2001-05-11
Dekor: park in de stêd
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 2