It goede lichem

It Goede Lichem giet oer akseptaasje fan it eigen lichem. Eve Ensler sels stiet sintraal en fertelt har ferhaal. Eve is nammentlik net gelokkich mei har liif. Se fynt har búk te dik, fierstente dik. Se is al jierren oan it lijnen, trochrinnend lid fan de sportskoalle en sjocht mei ôfgeunst nei alle slanke barbiepoppen om har hinne, oant se op in punt komt dat se dit net langer wol. Se wol leare te hâlden fan har lichem, dêrom lústert se nei ferskillende froulju fan oer de hiele wrâld dy’t fertelle oer skientme, oer memmen, oer skientmenoarmen, oer plastyske sjirurgy, oer eangsten en oerwinningen. Harren ferhalen binne werkenber, komysk, fertrietlik en foaral wier.
Skriuwer(s): ENSLER, Eve
Titel: It goede lichem
Skreaun yn: 2004
Te keap: 0
Oersetter: Toanielgroep Sater
Oarspr. Titel: The good body
Ynfierdatum: 2011-07-06
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 10
Tal manlju: 0