It kersehôf

Ljoebof, de eigneresse fan in fertuteaze bûtenpleats yn Ruslân (omtrint 1900), keart nei fiif jier werom nei hûs, tegearre mei har dochter en twa betsjinners. Nei it ferûngelokjen fan har jongste bern en in mislearre ferhâlding hat de dochter har mem werom helle út Parys. De tastân yn hûs en bedriuw binne net bêst: der binne in soad skúlden en te min ynkomsten. Ljoebof hat lykwols allinnich mar each foar har fertriet en de herinnerings oan har moaie bernetiid. De prachtige kersehôf stiet symboal foar dizze ferdwinende wrâld. Ek oare personaazjes, lykas de broer fan Ljoebof en de skoalmaster slingerje hin en wer tusken ferline en takomst, sûnder ta dieden komme te kinnen. As de bûtenpleats by eintsjebeslút dochs op in feiling ferkocht wurdt is it de praktysk ynstelde Lopachin (soan fan in liifeigene), dy it hûs keapet en it kersehôf omkappet om der simmerhúskes del te setten. In mankelyk, mar ek fleurich stik.
Skriuwer(s): TSJECHOV, Anton
Titel: It kersehôf
Skreaun yn: 1904
Te keap: 0
Oersetter: Zee, Pyt van der en Tryntsje vd Zee
Oarspr. Titel: (De Kersentuin)
Ynfierdatum: 1999-05-05
Dekor: Bûtenpleats yn Ruslân.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 7