It komt út ‘e loft

Taapke Haarsma skuort it hiele hûs oer ‘e kop en is alhiel fan ’t sintrum want har skoandochter út Amearika sil foar ’t earst komme om mei harren yn ‘e kunde te kommen. Age Haarsma kin him der net drok om meitsje; it is in gewoane jongfaam fan Fryske komôf. Age makket him drok om oare dingen; It doarp en de bewenners. Hy is dan ek al 25 jier foarsitter fan pleatslik belang. Wybren Sikkema, de buorman, sit as ponghâlder yn it bestjoer fan pleatslik belang. De bestjoersgearkomsten wurde fansels belein yn ‘e herberch. It binne meast drege gearkomsten, dus de mannen nimme gauris ien… twa of trije nei ôfrin. No wol it tafal dat Age de jûns foar ‘t de gasten komme noch in bestjoersgearkomste hat…
Skriuwer(s): VRIES, Pyt de
Titel: It komt út 'e loft
Skreaun yn: 2003
Utjoen yn: 2006
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2006-04-12
Dekor: wenkeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 2