It mystearje fan it guozzebrief

Fjouwer famkes fine in âld guozzebrief (ganzebord) by beppe op souder. Wat se net witte is dat it betsjoend is. T roch it te spyljen komme se yn in fantasywrâld telâne. In wrâld fol mei mearke figueren as personaazjes. Om wer út it spultsje te kommen moatte se alle opdrachten útfiere dy’t se ûnderweis tsjinkomme. Mar wat as der ien net mear meidwaan wol of yn de put komt? Of opiten wurdt troch de heks fan Hans en Grytsje? Komme se dan wol werom? En wa is dy frjemde jonge dy’t samar ferskynt as ien fan de famkes in de put telâne komt? As se de gouden kaai fan de toer fine dêr’t de prinses yn opsluten is, komme se wer yn de gewoane wrâld telâne. Under it spultsje komme de famkes der achter dat de jonge úteinlik omke Roel is, dy’t jierren lyn samar ferdwûn is. In spannend libjend guozzebrief foar elkenien dy’t fan mearkes en spultsjes hâldt.
Skriuwer(s): CNOSSEN, Aly
Titel: It mystearje fan it guozzebrief
Utjoen yn: 2019
Te keap: 0
Oersetter: Aly Cnossen
Oarspr. Titel: nvt
Ynfierdatum: 2019-01-18
Dekor: fantasywrâld
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk|theater foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0