Ja doctor, nee doctor

It is feest op kreamôfdieling “ De Earrebarre”. Net omdat der wer ris in lytse poppe berne is want soks bard elke dei fansels. Nee, it is de eigensinnige direktrise Zeelenberg die it spul in it hûndert jeie wol. Sy moat en sil dokter Popkema derút wurkje. Alles goed en wol, dokter Popkema is yndied de jongste net mear. En okee, hy ferjit ek wolris wat, mar dochs is hy wol in bekwame dokter. Haadsuster Clivia en broeder Sjaffie komme efter de snoade plannen fan de direktrise. Sy sille hjir wol efkes in stokje foar stekke mar it wurk giet wol gewoan troch fansels. Want de berte fan dy lytse leave berntsjes, tear en bysûnder, bliuwt elke kear in hiel grut wûnder. Dit jild seker foar Sjaffie, hy wurket noch mar krekt op de kreamôfdieling en hat fan lytse poppen noch net folle kunde. Dat is oan syn hiele hâlden en dragen wol te sjen. It is ek moeilik wurk, de iene hie in famke tocht wylst de oare tinkt der wurd in jonge brocht. Gjin ien kin it fan te foaren witte no? Der is Auke ek efter kaam, tegearre mei syn freondinne Sietske ferwachtsje se meikoarten in lytse. It moet neffens Auke in jonge wurde der hawwe je wat oan, famkes net! Teminste....... dat is it tinken fan Auke. Sy binne net it iennichste stel dat harren meld op de kreamôfdieling. Ek Jellie komt heech swier oan mei har Koos. Hoewol Jellie in hiele kreaze ferskining is, kriget de oansteande heit dochs noch mear oandacht. Wat wolle jo ek.........as jo op je 78e foar it earst heit wurde sille. Mar opa Koos is net it iennichste dy in soad oandacht kriget. Ek swerver Piet spilet deryn net min by, kin it ek oars....as jo je foardogge as de earste man hokker werklik swier wêze moat. Dat der swier is dat stiet wol fêst, mar in poppe krije......................Jim kinne wol neigean dat dokter Popkema hjir syn hannen fol oan kriget. En it wurd Floor, dy ‘t noch mar krekt op de kreamôfdieling wurket, ek net maklik makke as se de hiele groep kreamgymnastiek jout. Lokkich jouwe Erwin en Karst noch wat kleur oan it gehiel, mar ja.............it binne dan ek neat foar neat skilders. As binne dizze twa ta mear yn steat????? Rêd direktrise Zeelenberg it op om dokter Popkema fuort te krijen, as ...... Barre der noch wûnders, wurd dochs it lok noch fun..........................? Allinne de poppen mei harren lytse teare lûden, jouwe ús it antwurd dizze jun.
Skriuwer(s): STOELWINDER, Tjalke
Titel: Ja doctor, nee doctor
Te keap: 1
Ynfierdatum: 2016-06-09
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 7