Jus d’orange mei in tik!

As Ellen Woudenberg fernimt dat har ienige famyljelid, har wolstelde en heechbejierre âldtante oan in tredde jeugd begûn is, beslút se om as de wjerljocht poalshichte te nimmen. Op it plak sels konstatearret se dat har âldtante harsels al in healjier fersoargje lit troch in ynwenjende ferpleger. Se wit dat der koartlyn yn De Haach in stikmennich rike dames om it libben brocht binne troch twa ferplegers. Dat barde mei medisinen en neidat de manlju de slachoffers earst fan harren kaptaal berôve hiene... It wantrouwen fan Ellen wurdt noch grutter as se sjocht hoe wiis as tante mei har ferpleger is en ek fanwege dy syn heimsinnige telefoantsjes om presys twa oere nachts. As notaris komt om it al besteande testamint te wizigjen, feroaret alles yn razend tempo. Dokter moat halje trawalje komme, omdat alles der op wiist dat de ferpleger syn fatale plan útfierd hat. Mar wie hy wol de dieder, of wie't de húshâldster, dy't alles wist en fan tichtby meimakke? Of wie't de achternicht sels?
Skriuwer(s): ELICH, Loek
Titel: Jus d'orange mei in tik!
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1998
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Grapefruit juice met een tic
Ynfierdatum: 2000-03-20
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Vink yn Alkmaar. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Vink keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3