Kabaret

“Kabaret” is in oangripend ferhaal dat him ôfspilet tsjin de achtergrûn fan de opkomst fan it nazisme yn it Berlyn fan om 1930 hinne en dat de ynfloed dêrfan op it deistich bestean sichtber en fielber makket. In Amearikaanske skriuwer, op syk nei materiaal foar in roman, bedarret yn de Dútse haadstêd. Hy komt dêr yn ‘e kunde mei de nachtklubsjongeres. Yn it pension fan Fraulein Schneider lûkt in nachtklubstjer by de skriuwer yn en der ûntstiet in leafesrelaasje tusken twa hiel ferskillende wrâlden. Allyksa liket in ferhâlding fan Fraulein Schneider en de Joadske grienteman Herr Schulz mei in houlik besegele te wurden. De opkomst fan it Nazisme hat grutte ynfloed op ien en oar. “Kabaret” is in yndrukwekkend ferhaal mei toaniel, sang en dûns, dêr ’t in lytse tritich spilers, sjongers, dûnsers en muzikanten oan meidogge.
Skriuwer(s): MASTEROFF, Joe, KANDER, John, EBB, Fred
Titel: Kabaret
Utjoen yn: 2005
Te keap: 0
Oersetter: Schotanus, Jan
Oarspr. Titel: Cabaret
Ynfierdatum: 2006-04-05
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 13