Kalm bliuwe

By de famylje Spykstra liket alles tige yn'e es, mar dat liket allinne mar sa. De Spykstra's hawwe beide in tige goede baan en dat levert flink wat jild op, benammen frou Spykstra hat it tige drok. De hûshâlding komt dan faaks op it twadde plan en de bern krije meast harren gerak en omtinken ek net altiid. Foar hûshâldlik wurk is meast wol folk te finen, al wie der net sa folle ynteresse om by frou Spykstra oan'e slach te gean. Harren dochter An falt wat tusken wâl en skip, mar pake Spykstra wol har noch wolris riede, mar in pear dingen geane pake dochs wat al te fier. Swaantsje, de help yn'e hûshâlding en soms ek wolris foar oare needgefallen, kin mei de help fan pake in bulte problemen oplosse en it makket pake neat út hokker middels hy der soms foar brûke moat, as it mar helpt. NB Rjochte fan opfiering en publikaaksje lizze by de erven fan de skriuwer: Jaap de Vries, info@jabik.nl
Skriuwer(s): VRIES, Pyt de
Titel: Kalm bliuwe
Utjoen yn: 1995
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2001-05-11
Dekor: Húskeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 4