Keunst

Serge, Marc en Yvan binne al fyftsjin jier mei-inoar befreone. It wurk hat de mannen aardich yn 'e macht, alhoewol't der ek inkele froulju binne... mar wurkje is dreech en froulju binne senuwslopend. Foar dizze mannen is de freonskip dan ek it iennichste ljochtpunt, it paradys op ierde. De lêste tiid slagget dat trouwens wat minder: Yvan wurdt hieltyd lytsboargeliker, Marc rekket mear en mear ferbittere, Serge docht al hielendal frjemd, hy docht wakker trendy en is der noch gruts op ek. Op in goede dei keapet er in waansinnich djoer skilderij dat folslein wyt is. In wyt doek, mar ast de eagen in bytsje tichtknypst sjochst fine wite streekjes... koartsein: 'keunst'. Mar dy keunst set de freonskip tusken de trije freonen flink ûnder druk. As in jierrenlange freonskip basearre is op ôfspraken fan wjerskanten, wat gebeurd der dan as immen wat kompleet oars en ûnferwachts docht? Bisto wa'st sels tinkst dyst bist, of bisto wa't dyn freonen tinke datsto bist? That's the question.
Skriuwer(s): REZA, Yasmina
Titel: Keunst
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 2002
Te keap: 0
Oersetter: Hettinga, Ytsje
Oarspr. Titel: Art
Ynfierdatum: 2006-02-15
Dekor: keamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 3