Levy

Dit iepenloftstik nimt jo mei nei de tiid foar 1800. Salomon Levy swalket nei in drege jeugd yn it Dútske Hessen stadichoan nei oastlik Fryslân. Hy bedarret op it lêst as keapman/slachter yn De Westereen. Dêr set er him ta wenjen omt er it der bot nei’t sin hat. It is net allinne syn relaasje mei de kreaze Fokje Theunis en harren trije bern, Theunis, Yttsje en Aaltsje, dy’t Salomon bynt oan De Westereen. De libbenswize mei eigen noarmen en wearden, regels en gewoanten paste him as in jas. It stik is net in rekonstruksje fan dizze skiednis, folle mear in frije ynterpretaasje derfan troch de skriuwer.
Skriuwer(s): HOEKSTRA, Gerrit
Titel: Levy
Skreaun yn: 2008
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2011-07-06
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 13
Tal manlju: 22