Lit ‘m mar kuierje

Albert Brinksma is krekt boargemaster. Fan 'e jûn sil hy mei syn frou op besite by de Jollema's. Albert kriget in brief dy't eins ornearre is foar Durk Jollema. De brief giet oer him sels, syn wurkferline wurdt út de doeken dien. Dat hy wurke hat by in ôffaltransportbedriuw en mei gemyske saken knoeid hat. Durk Jollema kriget ek in brief thús dy't eins ornearre is foar Albert, de boargemaster. Der stiet yn dat Jollema ek net al te krekt west hat yn syn wurk mei gemysk ôffal. Dan geane se byinoar op besite. Se begjinne inoar wat út te hearren oer harren ferline. Earst meie se elkoar net lije, mar as bliken docht dat se beide net hielendal skjin op 'e hûd binne, wurdt de striidbile bedobbe. As publyk witte wy dat Albert syn frou achter de brieven sit. Sy soe graach wolle dat har man wat minder arrogant wie.
Skriuwer(s): LEISTRA, Libbe
Titel: Lit 'm mar kuierje
Skreaun yn: ?
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-04-13
Dekor: wenkeamer
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2