Lit mar hingje!

It rint sa as it rint, ek al rint it út de hân. Sa giet it al jierren mei it kafee fan Oene en Anneke. Harren kafee yn de Pein begjint in âld stofnêst te wurden en hat net in soad oanrin mear. De iennige klant dy’t se noch hawwe, dêr wurde se net ryk fan. Lolle fynt bier dat hy om ‘e nocht kriget fierwei it lekkerste en hy hat dan ek noch nea in reade sint betelle. Mar ja fan in keale hin kinne jo ek net plukke fansels. Oene lit de moedfearren dan ek al hingje. Dochs komt der gâns wat flecht op ‘e koai. Earst komt der in famke dy’t in keammerke hiere wol. Op it earste gesicht soenen jo sizze: Hjir bestiet yn ‘e hiele wrâld gjin twadde fan, sa nuver en sa ûnnoazel. Mar wat kinne jo jo dochs yn minsken fersinne want sy blykt ek noch sa’n suske te hawwen. Jo hawwe it noch nea sa frjemd sjoen. Apen kinne jo fan alles wol leare, mar dizze beide?? It wurd noch healwizer as der in wat útdaagjend frommeske oer de flier komt. Sy blykt fertsjintwurdiger te wezen fan de Unisex masine. De Unisex is spesjaal op ‘e merke brocht foar manlju, sadat dizze de froulju it wurk út hannen nimme kinne. De reek komt Oene en Lolle út de earen as se dit hearre. Tsja dizze beide skiep steane fansels ek al jierren te fretten fan it selde stikje lân. Dit lied fansels ta in ûnmooglike situaasje, dat kinne je wol begripe. Mar ynienen stiet skoanmem nei 10 jier wer op ‘e stoepe. Se blykt in bekstik te wêzen, dy’t grutte heibel yn it kafee makket. Se easket op koarte termyn fiiftûzen Euro werom foar in saneamde houliksreis mei har Frânsman. Dit is in stumper dy’t folslein by har ûnder plak it sit. Mei de help fan linke Leo (in echte hús, tún en keuken krimineel) besykje se skoanmem der ûnder te krijen mar dat slagget fuort net. Drank, slieppillen, laksearmiddel, rolmopsen, neat skynt tsjin har te wurkjen. Se moatte foarsichtich te wurk gean omdat plysje Walter Hibma regelmjittich binnen rint, al hawwe se foar dy knoffelkont net sa folle te freezjen. Dochs binne se oan it ein fan de rit dy âld fekke te snoad ôf mar hoe...
Skriuwer(s): STOELWINDER, Tjalke
Titel: Lit mar hingje!
Te keap: 1
Ynfierdatum: 2016-06-13
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch útjouwerij Grosfeld yn Berlicum (N.Br.). As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by Grosfeld keapje. Opfieringsrjochten geane fia it I.B.V.A. yn Alkmaar.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5