Lucky Luke

East Hill wurdt al jierrenlang teistere troch in fete tusken twa famyljes: de Harkema's en de Tiemersma's, ôfstammelingen fan Fryske immigranten dy't yn in fier ferline nei East Hill emigreard binne. De Harkema's kamen út de wâlden en de Tiemersma's fan de klaai en dat is no noch altyd oan har aksint te hearren en oan har úterlik kinst se der ek daliks út, want de Harkema's ha kolossale flapearen en de Tiemersma's in grutte reade noas. Lucky Luke is mei de Daltons ûnderweis mei it grjochtshôf yn 'e stêd en komt lâns it doarpke East Hill. Dêr roppe de boargemaster en de sherrif syn help yn by it oplossen fan de swierrichheden mei de Harkema's en de Tiemersma's. Holpen troch de jeugd en de âlderdom en mei wat list en bedroch, wit Lucky Luke, nei in soad trammelant en tûkelteammen, te berikken dat de Harkema's en de Tiemersma's frede slute.
Skriuwer(s): MORRIS & GOSCINNY
Titel: Lucky Luke
Utjoen yn: 2002
Te keap: 0
Oersetter: Bottema, Sjoerd
Oarspr. Titel: Lucky Luke
Ynfierdatum: 2006-04-05
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik ís útjûn troch it BIS (Berne Iepenloftspul. Foar kontakt kinne jo kontakt opnimme fia info@berneiepenloftspul.nl
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0