Lysistrata

It is oarloch tusken Athene en Sparta. Net allinich de manlju ek de froulju ha dêr fan te lijen. It tûke Atheenske frommis Lysistrata fynt it sa njonkenlytsen slim genôch, dat se noeget in pear froulju út Athene en út Sparta út om in plan te bepraten: tenei sille alle froulju wegerje om mei harren kearels op bêd te gean. In soarte fan seksstaking dus. Om dat te berikken (want it fleis is ommers swak!) lûke se har werom op de Akropolis, de burcht fan Athena, dêr't ek de skatkist fan de stêd bewarre wurdt. De manlju wurde poerrazend en ûndernimme in oanfal, dy't ôfslein wurdt. Mar nei in skoftke krije ek guon fan de froulju it wakker dreech mei dizze ûnthâlding. Troch it strategysk en besielend belied fan Lysistrata slagje de froulju der by eintsjebeslut dochs yn om in oerwinning te beheljen: de frede wurdt sluten ek op bêd.
Skriuwer(s): ARISTOFANES
Titel: Lysistrata
Skreaun yn: *411
Utjoen yn: 2014
Te keap: 0
Oersetter: Hoekstra, Lolkje en Brans, Hans
Oarspr. Titel: Lysistrata
Ynfierdatum: 2015-07-07
Dekor: Yn Athene (bûten).
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 10
Tal manlju: 10