Mei sletten doarren

Ien man en twa froulju wurde yn in hotelkeamer brocht. It hotel is in soarte fan 'hjirneimels'. De deaden hawwe no net drekt in heldhaftich ferline. Garcin, in sjoernalist, hat syn frou it libben soer makke, desertearre doe't de oarlich útbruts en deasketten waard. De lesbyske Ines wie skuldich oan de dea fanwegen in ûngemak fan de man fan har freondinne. Dy freondinne koe hjir lykwols net mear mei libje en hat harren tegearre nei in jier fan kant makke. Estelle hat it bern dea dien dat hja út in bûtenechtlike ferhâlding krigen hie. Betreure troch har neat fermoedzjende man is hja stoarn oan in longûntstekking. Dizze ferfelende minsken binne no oerlevere om elkoar algeduerigen te kwellen mei harren oanwêzichheid en harren petearen. Ines fielt har oanwiisd op Estelle, Estelle op de sjoernalist en dizze wer op Inez, dy't him as iennige frijpleitet fan it ferwyt fan leffens dat hy himsels makket. "De hel, dat binne de oaren", seit Garcin. Kommintaar: Dit ynkringend drama giet fansels net oer it hjirneimeld. Sartre, de meast bekende filosoof nei de Twadde Wrâldoarloch, leaude net yn God of hjirneimels. Wat hy mei dit stik sjen litte woe, wie hoe't minsken dy't in oar nedich hiene, in tredde dêrmei kwelde. Minsken waarden dêrtroch sawol kweller as kwelde. Frijheid is by Sartre it meast wêzentlik, mar ek meast tragyske skaaimerk fan de minsk. It betsjut dat hy ferantwurdlik is foar syn dieden. Mei dy dieden, hoe goed bedoeld ek somtiden, hat hy oaren skea tabrocht. It binne krekt dy oaren dy't ús konfrontearren mei de ûndraachlike lêst fan dy ferantwurdlikheid. Troch syn personaazjes yn in saneamde hel te pleatsen - dêr't alles ûnomkearber wurden is - driuwt Sartre dy lêst fan de frijheid ta in uterste. Nettsjinsteande de filosofyske strekking is it stik spannend en hat it yntrigearjende karakters. HB
Skriuwer(s): SARTRE, Jean-Paul
Titel: Mei sletten doarren
Skreaun yn: 1943
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Bruinsma, Klaas
Oarspr. Titel: Huis clos
Ynfierdatum: 1996-07-03
Dekor: hotelkeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 1