Mei ús oprjochte dielnimming

Omke Wigle is stoarn en nei de kremaasje komt de famylje gear yn'e kofjekeamer foar de kondolaasje. Dêrnjonken binne der ek noch freonen fan de Stifting Wrâldkontakt dêr't omke gâns goed foar dien hat. De famylje is der fan útgien dat omke wol sinten hie (hy hie ommers nea troud west) en is dat al aardich oan it ferpartsjen. Yn'e kofjekeamer nimt frou Pals it wurd en se hearre nij op wat sy te fertellen hat. Ek de ferstoarne syn freondinne, frou Rechts, heart wat Wigle yn syn frije oerkes die. As se der efterkomt dat Wigle njonken har noch in feondinne hie, Klaske, is de boat oan. By it kondolearjen stelt Klaske har sa op dat de besikers net om har hinne kinne. Dochs komt de twaspjalt yn'e freonen, benammen de freonen fan Wrâldkontakt libje tige mei Kalaske mei. Dan ferskyn de werkster en langet oan de famylje in breijf oer. Dizze is noch skreaun troch omke en wat stiet der yn? Omke is blut, hat gjin sint en sels de auto moat werom. De famylje oerstoer, omkesizzer Pier falt derhinne en nei't Klaske ferteld hat dat har soan Peter in bern fan Wigle is, is de gaos kompleet. Foar Klaske is der gjin sint en sy rekket ek út' tiid. Omkesizzer Pier komt stadich wer by sûp en stút en wit dat er noch jierren op dy ferrekte molkkarre sitte moat. Konklúsje: al jout de titel oan dat it hjir om earnst giet, it is fan begjin oant ein gnyskjen en tige herkenber. (Pytsje Bosma)
Skriuwer(s): CALSBEEK, Jan
Titel: Mei ús oprjochte dielnimming
Skreaun yn: 1999
Utjoen yn: 1999
Te keap: 0
Ynfierdatum: 1999-05-22
Dekor: Kofjekeamer fan in krematoarium.
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 8
Tal manlju: 8