Mephisto
Dit stik is in bewurking fan de roman Mephisto fan Klaus Mann. Yn dit boek wurdt in part fan it libben beskreaun fan de ferneamde Dútske akteur Gustav Gründgens. Yn de jierren tweintich wie dizze man aktyf yn it artistike, maatskippij-krityske fermidden fan Berlin, mei Klaus Mann en syn suske Erika (bern fan Thomas Mann). Gründgens troude mei kabaretiêre Erika Mann, mar it houlik duorre net lang. Dat hie te krijen mei it opportunisme fan Gründgens, dy't ek trochspylje woe doe't de nazi's yn 1933 oan'e macht kamen. Mei syn rol fan Mephisto (de dúvel) yn Goethe's 'Faust' waard er sels in favoryt fan de nazi's. Lykwols symbolisearret krekt dizze rol ek it ferrie fan Gründgens as keunstner.
It stik (yn de bewurking fan Arianne Mnouchkine, de Frânske regisseur fan it Théâtre de Soleille) jout in spektakulêr bild fan de tiid fan de jierren tweintich en tritich yn Dútslân, in tiid fan artistike frijheid en ûnderdrukking, fan freonskip en ferrie.
Skriuwer(s):
| MNOUCHKINE, Ariane |
Titel:
| Mephisto |
Skreaun yn:
| 197? |
Utjoen yn:
| 1989 |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Boersma, Piter |
Oarspr. Titel:
| Mefisto |
Ynfierdatum:
| 2001-05-11 |
Dekor:
| ferskaat, by foarkar mei toaniel op twa plakken |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Dit stik is spile troch Tryater. Fragen oer opfieringsrjochten kinnen rjochte wurde oan de dramaturch fan frats (Keunstwurk) of oan Tryater. |
Tal froulju:
| 5 |
Tal manlju:
| 5 |